Grou, 18 oktober 2023.
Nei’t yn 2020 by Bonne Bruinsma yn Grou alris in stikelbaarch yn in einekoer syn wenplak fûn hie, is dit no ek op in oar plak it gefal. Cees van der Meulen meldt; “Fan in famylje dy’t in pear jier kuorren fan my kocht hat, krige ik bygeande foto mei de meidieling dat in ‘ychel’ de koer as in Airbnb brûkt.”
Dus: as einekuorren gjin tsjinst mear dwaan kinne foar brieden fan einen, dan kin in koer altiten noch tsjinstber wêze foar oar libben. Dat neame wy in duorsume koer.