Grou, 19 maaie 2021
Moaie kreaasjes fan it flechtsjen mei natuerprodukten komme wy op hieltyd mear plakken tsjin. In ynwenster fan Grou seach by de pleatslike brillesaak dizze moaie blompot fan reid mei fioeltsjes stean.
En sis no sels: dit is dochs fleurich? In stikje fleurichheid yn in strakke brillesaak.