In man dy’t minsken meinimme koe yn ’t ferhaal

Dronryp/Holwert 12 juny 2021

Johannes van der Meer, 9 july 1939 – 10 april 2021

Oan it fersyk fan de Strampelredaksje in stikje te skriuwen oer ús freon Johannes van de Meer wol ik graach foldwaan.  

Mei Jehannes is ús in warber en entûsjast lid ûntfallen. In ambassadeur foar ús feriening. Hy wie net allinne tige warber yn ’t flechtsjen fan einekuorren mar ek yn ’t kreëarjen fan nije produkten fan reid en flaaks en learde oaren dat ek. 

Kreaasjes fan nije produkten fan reid en flaaks (2019)

Mar benammen sille we Jehannes misse om syn ferhalen. En yn ’t ferhaal koe Jehannes it hyt daaie. Hy koe de minsken meinimme yn ’t ferhaal. Wy ha hjir in pear jier diel útmakke fan ‘Follow the blue line’, de flaaksrute,  en fertelden oer it produkt flaaks, bewurkingen en it flechtsjen fan einekuorren. We krigen hjir bytiden in protte minsken oer de flier en koene dat sels noait behappe, dat sadwaande kaam Jehannes geregeld hjir as gasthear. Prachtich wiene dan syn ferhalen; it hie meast neat mear mei wêrfoar’t  de minsken kamen, flaaks en einekuorren te meitsjen, mar dat hindere neat. De minsken fûnen it prachtich. Jehannes wie net allinne dan in gasthear op dy mominten, foar my wie er in gasthear yn ’t libben, hy brocht fleur en kleur yn ’t libben.

Tongersdei 10 juny op de neimiddei ha we yn lyts selskip syn hinnegean betocht yn syn ‘flechthok’ wat eins Jehannes syn museumke wie. Hjir hat er oant it lêst ta sitten te flechtsjen. Hjir by it flechtsjen fiel ik my op myn bêst, sei er. It leit der noch by sa as er der útstapt is. Hy koe sa wer fierder gean. Mar dat is net sa, Jehannes komt net wer. Hy kin allinne yn ús ûnthâld fierder libje. En yn myn ûnthâld sil er fierder libje en ik bin bliid dat er diel útmakke hat fan myn libben.

Gjalt

Johannes yn syn flechthok