In oar wrâldsje

Grou/Oerterp, 22 novimber 2024 (bywurke op 24-11-2024).

Jo stappe in oar wrâldsje yn as jo by de einekoerflechters út Dokkum op besite komme.

Dat belibben we doe’t we woansdei 21 novimber om sân oere jûns yn it flechtershok fan Bouwe en Hendrik Kooistra kamen. In himeltsje op ierde! Hearlik waarm, sacht mezykje fan James Last, de piteroaljelampe ferspriedt syn skimerljocht troch it gesellige fertrekje. Reid en flaaks lizze útnûgjend klear.

Om ús hinne de dingen … hast tefolle om op te neamen: 
In stokâlde ERRES radio … in Belgyske brânder … in houtkacheltsje-mei-gleone-koaltsjes-fjoer … in stuoltsjeklok … in deftige Fryske klok … in pendule-sa-by-beppe-fan-de-skoarstienmantel … de mannen-op-Skerjontsjes … it plúzen taffelkleedtsje … it teeljochtsje-mei-prottelkanne … en ja! … tsien stokâlde Solexen …  flechtnudels … ien mei de kop fan in âlde fersnellingspook … in jachtgewear-mei-wyldtas … en fansels … rûnom einekuorren!

 Ja, dy kuorren fan de bruorren binne bysûnder! Se hawwe de keunst fan it flechtsjen leard fan learmaster Jan Falkena. En dat is te sjen oan de technyk dy’t se tapasse. It reid, of leaver noch it reidgers wurdt stevich yn inoar draaid ta in soarte fan woarst. En dy woarst wurdt mei lofters – dat binne de de knopen fan flaaks – ta in koer frissele. It is in wûnder, dat minskehannen soks meitsje kinne!!

 Fansels binne de mannen lid fan De Strampel! En by it fuortgean krigen we sels in Sertifikaat fan Dielname oan it Koerflechtsjen
De wierheid is dat Jan flochten hat en ik net. 

Mannen, tige tank foar de kofje-mei-gebak en de brandewyn op rezinen oan de ein fan dizze tige slagge besite!

Jan Falkena en Cees van der Meulen.