Holwert/Grou, 31 july 2019
No dat stikje fan Bouwe út Grou foel fansels harstikke ferkeard by dy Wergeaster reidsnijer. Poer en de poerrazend lilk wie er. Wat miene dy Grousters wol net!! Ja….minsken, der sit nochal wat âldsear tusken de Grousters en Wergeasters. Yn wêzen is ’t al begûn yn 1663 doe’t de Grutte Mar by Wergea ynpoldere waard en dêrmei de Wergeasterfeart ûnstie en it Grouster frachtferfier troch Wergea moast.
Moai soene jo sizze, it jout reuring, folk en fracht kin mei nei Ljouwert. Mar ho!!
As’t by’t winter friezend waar waard, it iis der prachtich moai yn kaam te lizzen, de Wergeasters der al fan dreamden om aanst op redens de wrâld út te riden, dan kaam dat ferrekte Grouster beurtskip en jage alle iis oan skossen.
Dit fansels ta grutte frustraasje fan de Wergeasters. En wêr libbe it reedriden mear as yn de doarpen Wergea en Warten? Gjin doarpen dêr’t mear poerbêste âlvestêderiders wei kaam binne. Yn Wergea wiene yn ’t ferline 26 reedmakkerijen. Iis wie hillich.
Dat de Grouster skipper en syn folk krigen op harren reis troch Wergea hiel wat nei de kop slingere, och wat waarden dy mannen dan útskolden. Mar in inkele kear bleau it net by skellen. Dan waarden der stiennen smiten, froulju kamen oan fotteljen mei balstiennen yn de skelk en rachend tsjin skipper en folk, de jonges ophysjend: “Smyt se dizze mar op de bealch jonges!”.
It is inkele kear bard, dat in boer op ’t hynder Wergea ynjeijen kaam en rôp: “De Grousters komme der oan!!!”. Dat it Wergeaster folk draafde it skip temjitte. Op Domwier waard it skip opheind mei skellerij, mar doe’t dat net holp folge in lading hurde kluten. En doe’t se noch net omlyk woene stiennen. It reinde stiennen en boer Stienstra, sels in fûle rider, sei: ”As jimme temin stiennen ha, brek dan it bargehok mar ôf”. De glêzen waarden út de stjoerhut keild, it gie mâl. Skipper en folk flechten, harren libben net mear feilich.
Myn âld-omke Arjen de Groot (1891-1963) – doe in jongkeardel – krige as ien fan de oanfierders in oprop te ferskinen foar it gerjocht yn Ljouwert. Oanklacht: vernieling en poging tot het aanbrengen van lichamelijk letsel.
Omke hat it net ôfwachte mar is yn Rotterdam op in skip sprongen en útnaaid nei Amearika. Hat hiel Amearika troch swurven, hat yn Peru sitten as goudsiker, wie houthakker yn Kanada, wie boer/pelsjager yn Alaska. Bytiden hast deafêrzen yn de winters mei 40, 50, 60 graden froast. Heal ferhongere as it iten op wie en hy 40 kilometer reizgje moast op ’t hynder troch sniestoarmen en oer bergen snie om yn ’t plakje te kommen dêr’t er wat krije koe. Wie dagen ûnderweis.
Se ha him hjir noait wersjoen en dat om’t de Grousters it iis…
Dat der yn Weargea noch âldsear sit moat jo net fernuverje, dat hat op syn minst trije generaasjes nedich om der mei libje te kinnen, mar ferjitte… noait wer!!
Gjalt de Groot (âld Wergeaster)
Neiskrift:
Doe’t ik dit stik lies, moast ik tinke oan de ferhalen fan ús mem, yn Himpens opgroeid, oer de Grouster beurtskipper dy ‘t alle wiken troch Himpens kaam. It beurtskip farde krekt salang troch as dat it iis it taliet. De iiswille foar de reedriders waard dan aardich bedoarn.
Sy koe it lang sa moai net fertelle as Gjalt, mar de ynhâld kaam op itselde del: skellende en rachende minsken en bern op ‘e wâl as it iis fernield waard. As yn Himpens deselde soart fan taferielen him ôfspile ha as yn Wergea, is my net bekend…
Bonne Bruinsma