Grou, 12 april 2024
It Einkekoerflechtsjen is opnommen yn it ’Netwerk Immaterieel Erfgoed Nederland’ It inisjatyf hjirta is nommen troch it bestjoer fan De Strampel. Ymmaterieel Erfgoed kin allinnich oanmelden wurde troch beoefeners of direkt belutsenen. Mei de oanmelding erkenne we dat we dizze kultuerutering as ymmaterieel erfgoed sjogge.
’Kenniscentrum Immaterieel Erfgoed’ (KIEN) hat befêstige dat Einekoerflechtsjen oan de kritearia foar ymmaterieel erfgoed foldocht lykas steld yn it ’UNESCO Verdrag’ oangeande de beskerming fan ymmaterieel kultureel, en hat de oanmelding sichtber makke op: www.immaterieelerfgoed.nl
Op de folder hjirûnder wurdt oanjûn wat ymmaterieel erfgoed krekt ynhâld.