Dokkum/Grou 19 juny 2024
Juny is by útstek de moanne dat it reid skard wurde moat om yn it winterskoft genôch foarried te hawwen foar it flechtsjen fan de kuorren. Of it kuorkjen, sa’t se yn De Wâlden faak sizze.
It wurd kuorkjen wurdt ek faak brûkt troch de bruorren Kooistra en harren trouwe assistint Foppe Kootstra. Dizze lêste stjoerde in tal foto’s oer it skarren fan it reid mei in taljochting.
‘It is wer ûngetiid by it reid snijen’, seit Foppe. ‘De bruorren Kooistra út Dokkum hawwe it drok om de foarried reid wer op peil te bringen. Troch de minne waarsomstannichheden is it reid min drûch te krijen. Hja binne dêrom útwykt nei in leechsteande loads fan Prins. Foar de langste dei hoopje hja wer genôch reid te hawwen foar it nije flecht seizoen.’
De bruorren sykje noch om in gaadlike en betelbere opslachplak yn of om Dokkum foar it reid.
Klik op de foto’s foar in grutter byld