Grou, 16 maaie 2021
Yn in earder berjocht ha ‘k melding makke fan in spantsje einen foar de gesellichheid achterhûs. Ik hie yn de parrebeam in koer hongen, mar dêr wie net in soad belangstelling foar. “Oan it krebintige waggeljen fan it eintsje te sjen binne de einen al op leeftiid en sil it soargjen fan neigeslacht wol net mear de heechste prioriteit ha”, skreau ik doe.
Dat hie ik dus goed mis: op 26 maart lei der ynienen in aai yn de koer en in dei letter al twa. Op de 29ste kaam der in tredde aai by oant der op 4 april 7 aaien yn de koer leinen. Dat wie dus tsien dagen letter, dagen wêrop’t wy de einen soms de hiele dei net seagen. Soms komt der in frjemde jerke op besite.
Op 10 april lizze der 9 aaien yn ‘e koer. Se binne kâld en net bedutsen. Healwei de moarn ploft it eintsje yn de fiver, wasket har, poetst de fearren op en giet dan op de koer. Middeis komt in frjemde jerke lâns dy’t we noch net earder sjoen ha. Driuwt in poear minuten yn de fiver en set dan ek wer ôf.
In dei letter sjogge wy de ein middeis yn de koer gean. As ik de oare deis moarns by it mjitten fan de delslach efkes yn de koer sjoch, is de ein fuort en fiele de aaien wat waarm oan.
Om goed tsien oere giet it eintsje, dat efkes earder mei de jerke wer yn de fiver delploft is, yn de koer en fljocht de jerke wer fuort.
De dagen dêrnei bliuwt de ein hieltiten langer op de koer sitten. Soms komt se ien kear deis fan de aaien, soms twa kear. De jerke komt geregeld efkes lâns, sit wat te snetterjen yn de fiver en giet dan nei in pear minuten wer fuort. Mar fan 21 oant 30 april sit de ein fêster te brieden en giet noch ien kear deis fan de koer.
Yntusken begjinne de eksters – it eksternêst sit 30 meter fan de koer ôf heech yn de wylgebeam – ek belangstelling te krijen foar de aaien; se sitte soms op de koer. Je kinne de eksters wol ferjaaie, mar dêr leitsje se om. As it hurd waait giet it eksternêst wol in pear meter hinne-en-wer; en wy mar wachtsje oant it derút falt. Mar dy fûgels ha it nêst sa deeglik boud dat dat net bart.
2 maaie: in spannende dei. Jûns giet de ein fan de koer en om goed 21:00 oere komt de jerke oansaaien. In pear minuten letter fleane beide fuort. De aaien binne bedutsen mei plom, útsein it middelste aai. In heal oere letter binne jerke en eintsje werom. Itselde ritueel: poedele en baddere en in soad drinke. It wie al tsjuster doe’t de jerke om tsien minuten oer tsienen fuortfleach.
Wierskynlik siet it eintsje doe al wer yn ‘e koer, mar dat koene wy doe al net mear sjen. Dat in ein yn ‘t tsjuster de koer noch wit te finen jout oan dat einen by ‘t tsjuster goed sjen kinne.
Twa dagen letter itselde tafriel: de ein jûns om kertier foar njoggenen fan de koer en yn de fiver. Om goed njoggen oere set se ôf wylst it al skimerich begjint te wurden. In heal oere letter is se noch net werom, wol sjitte der in stik of trije einen as in F35 troch de loft (wol mei gâns minder lûd).
Mar dan ploffe beide einen wer yn ‘e fiver. Nei wat gebadder giet it eintsje om tsien oere wer op ‘e koer. De jerke set dan wer ôf.
6 maaie; as ik moarns om sân oere de delslach opmjit, sjoch ik yn de koer; as in ein 27 dagen briedt, dan soenen se hast útkomme kinne. It eintsje stekt de kop wat nei foaren.
Om acht oere sjocht de frou ynienen de piken út de koer fallen. Fansels iphone net by de hân; leit boppe oan de lader. Wol ha ‘k in fototastel foar’t gripen. Ik meitsje gau wat foto’s mei it fototastel dat wol foar it gripen leit. Ear’t ik de iphone ophelle ha binne de piken al út de koer, sân yn totaal. Earst as de ein mei piken al yn de fiver swimt kin ik begjinne te filmjen. (Sjoch foar resultaat filmke ûnder de tekst.)
De piken sykje fuortdaliks om fretten, op ‘e wâl likegoed as yn it wetter . Soms krûpe se op ‘e rêch fan de mem. Om healwei tsienen komt jerke oansaaien en ploft yn de fiver. De ein mei piken sitte dan yn it gers mar as de ein de jerke sjocht giet se daliks nei de fiver, de piken folgje. De jerke besjocht de kroast grutsk en dobberet wat neist de ein mei piken. Nei in skoftke set de jerke wer ôf.
De ein mei piken makket op in bepaald stuit risselwaasje om fuort te gean. Sil wol nei it romme wetter ta wolle, nim ik oan. Ik wol de piken begeliede en beskermje tsjin de eksters en katten. Mar dat wol it eintsje net en se giet wer yn de fiver, de piken der achteroan. De ein mei piken bliuwe yn ’e fiver, soms op ’e wâl. Om alve oere moat ik efkes fuort.
As ik om tolve oere wer thúskom binne der noch trije piken oer… ik sjoch noch krekt in ekster fuortfleanen. Sykjen tusken en ûnder de planten leveret neat op. De oare piken binne dus fuort. En ik fertink de eksters der fan. Watte, ik bin der wol wis fan dat dy ‘frekte rôvers’ it op harren gewisse ha.
Om ien oere is it stel net mear te sjen. Wol hear ik it snetterjen fan de ein. It docht bliken dat de ein wer yn ’e koer sit en dêr om de piken ropt, blykber net yn ‘e gaten dat de piken dêr net komme kinne. Efkes letter fljocht de ein wer út de koer en siket de piken op. Dit tafriel herhellet him in kertier letter: ein yn ’e koer te snetterjen en de piken fertwifele ûnder de koer. Ik beslút de piken te fangen, doch se yn in amer en besykje de ein mei te lokljen achter my oan nei it gruttere wetter, yn de hope dat se dêr minder gau troch de eksters grypt wurde kinne. Dat mislearret; de ein kwêket en blaast en is net fan doel my te folgjen – dizze metoade paste ús heit froeger wol ta as wy in einekoer oan de gevel hingjen hienen. Wanneart de aaien sa’n bytsje útkomme koenen, hearde hy jûns oft de ein al klokte, in teken dat de piken der al wienen of oan it útkomen wienen. Hy spande dan in net om ’e koer en moarns betiid die hy de piken yn in amer en lokke de ein dan mei nei it wetter. Op dy wize waarden de piken beskerme tsjin it gefaar dat se rûnen op de tocht fan sa’n 300 meter nei it kanaal.
De ein gie wer yn ’e fiver en liet de piken ek mar wer swimme. De koer ha ‘k doe út de beam helle en op de grûn dellein sadat ein en piken deryn komme koenen. Mar doe hie de ein dêr gjin belangstelling mear foar.
Op freed 8 maaie, nei in kâlde nacht, sit it eintsje moarns tusken de planten oan de râne fan de fiver mei de trije piken ûnder har. In oere letter moatte wy fuort, mar dan sit de ekster al wer op ‘e loer.
As we middeis om healwei trijen wer thúskomme is alles fuort: gjin piken en ek gjin einen. It eksternêst sil no wol aardich fol lizze.
De oare moarns gjin einen mar om healwei alven komme jerke en eintsje wer oansaaien en ploffe yn de fiver del.
De dagen dêrnei binne de einen grutte parten fan de dei yn de tún. Se sitte dan meastentiids oan ‘e rân fan de fiver of midden op it paad, sadat we der om tinke moatte net mei de fyts oer de einen te riden.
En de eksters: dy binne it âlde nêst wer oan it optúgjen, blykber binne de jonge eksters fertutearze. Miskien binne se wol smoard yn de piken…