It wûnder fan Bitgummole

Bitgummole 2 april 2022

It liket hast in aprilgrap, mar it is dochs echt bard: bebrette aaien dy’t yn it wetter driuwe en letter dochs noch útkomme. Hjir it ferslach fan Durk.

“Der siet in wyld eintsje al in tiidsje te brieden yn in hiele âlde koer. Dit wie my wat ontkaam… dat wol wol as je de hiele wike fan hûs binne. Doe’t ik der fan’e moarn kaam wie de hiele achterkap fan de koer der ôf! It eintsje siet moai op it restant fan it achterein te brieden. Doe’t ik fannemiddei der in foto fan meitsje soe dreaunen my de aaien en de achterkant fan de koer foarby.

As er it sels sloopt hat of dat der ien fan myn eigen dikke einen op of yn de koer  omreage hat wit ik net, mar ik ha rap it waadpak oanlutsen en de aaien opfandele en yn de sinne yn de finsterbank lein! De aaien wiene al stienkâld. Ik soe de briedmachine opsykje mar de aaien joegen lûd!

Dus de waarmhâldplaat foar de hinnepiken der mar boppe en 5 oerkes letter wie it earste al út! Dizze ein hie dus yn febrewaris al aaien. Wat hjir fan telâne komme moatten hie mei dit “winter” waar wit ik net! Dat moatte we no trouwens ek mar ôfwachtsje.”

Op de foto’s de stikkene koer, de aaien en de earste pyk.

Op 3 april meldt Durk dat de aaien ien foar ien útkomme: “Se rûgelje samar út it aai! Binne no 6, en de 7e is dwaande. Ien aai is blauwich en sil wol net útkomme.”