Grou 4 febrewaris 2025.
Op freed 31 jannewaris wie de jierlikse ledegearkomste fan De Strampel. Om 20:00 oere koe foarsitter Durk Wynia in lytse sa’n 25 leden en inkele gasten wolkom hite.

It wie de lêste gearkomste foar Durk yn de rol fan foarsitter. Syn lêste optrreden as foarsitter wie it beneamen fan de nije foarsitter Sitse de Boer út Boarnsweach. Dy stelde him yn it koart foar oan de leden. It wie syn earste besite oan de ledegearkomste en fuortdaliks dus in bysûndere. Op de foto krijt Sietse de Boer de foarsittershamme fan skiedend foarsitter Durk Wynia.
Dêrfoar wie ek Bonne Bruinsma (wer) beneamd as skriuwer. Ferline jier hie hy ôfskied nommen fan it bestjoer. It ôfrûne jier hat hy as ynterim skriuwer noch oan it bestjoer ferbûn west en no dus wer beneamd.

Yn de gearkomste is ek de takomstfisy nei fan De Strampel fêststeld. Dêryn stiet ûnder oaren dat der inkele funktionarissen komme moatte foar de koördinaasje fan de learmasters en de koördinaasje fan it flechtmateriaal. Dit lêste is foaral wichtich foar flechters dy’t net beskikke kinne oer in opslachplak fan it reid. Troch op ferskate plakken yn de provinsje opslach fan flechtmateriaal te hawwen kin men dan makliker oan materiaal komme.
Yn it omfreegjen kaam noch de predaasje fan einen en aaien op it aljemint. Dit wurdt in hieltiten grutter probleem foar de einestân. Benammen foks en stienmurd binne de belagers fan einen en einenêsten.