Wurdum/Grou, 12 maart 2025.
Jinke Kuperus hat har lêste koer makke. Yn in fideo, dy’t se opstjoerde, fertelt se hjiroer.
Nei’t Jinke yn har libben al ferskate einekuorren makke hat, is it foar har no dus foargoed dien mei de flechterij. Fan it lêste reid en flaaks dat net opfretten is troch de mûzen hat se noch in koer ynelkoar flochten. “Dizze is foar Marije. Foar it nije hûs. Se moat der goed op passe, want ik meitsje net wer ien”, seit Jinke, wylst se de romme koer kreas beknipt.