Komkommertiid, flaaks yn bloei

Grou, 6 july 2015.

De simmertiid wie altyd de komkommertiid foar de sjoernalistyk. Dat is allang net mear sa. Kranten, tv en sosjale media soargje foar konstante oanfier fan nijs.

Yn de wrâld fan einekoerflechters jilde de wetten fan de natuer en it Strampelnijs folget dat ritme.

(Hast) alle kuorren lizze wer op souder, de piken dy’t it rêden hawwe binne fleanfluch. De flechters skarre reid en bouwe soms ek flaaks en riede har ta op it nije seizoen.

Dat flaaks, boud troch Gjalt de Groot, stiet no moarns yn bloei. Wa’t dat sjen wol kin it fjild fine tusken Ferwert en Blije oan de strjitwei rjochts. Pleatslik bekend: E.H. de Jong De Rijp  6,  9172 PG  Ferwert