Kuorren fan Thieme

Grou, 2 febrewaris 2025.

Op Facebook kamen we dit berjocht tsjin:

Hawwe jo noed oer de natoer
keapje dan fan Thieme in einekoer
Dêrfan krije jo grif gjin spyt
en rekket hy moai syn hannel kwyt
Dizze kuorren izersterk
bin te keap oan de binnendyk yn Ryptsjerk
Mei in eigen eineferiening sit dit doarp fol einefjoer
gearkomsten hâlde hja yn it doarpshûs neamd De Einekoer
Fan wenningkrapte hawwe jo einen gjin lêst
mei sa’n moai rom einenêst
It kostet fansels net neat
mar dan hawwe jo ek wat moais yn of oan ‘e feart