Grou, 6 febrewaris 2020
It iene ferhaal lokket it oar út. Cees van der Meulen út Grou reageart op it ferhaal fan Bouwe de Groot
It ferhaaltsje fan ús kollega Bouwe de Groot oer it registraasje-systeem dat yn âlde tiden yn Grou bestie mei de houtsjes fan Grutte Tseard brocht my op in idee.
As minsken in koer keapje freegje se faak: ‘Hoe lang giet sa’n koer mei?’
Elke flechter betinkt dan in antwurd. ‘As jo der goed op passe kin dizze koer wol fjouwer jier mei, 1 maart sette en 1 july wer opbergje.’
Der binne lykwols ek keapers dy’t sizze: ‘Ja mar ik fyn it yn de winter ek moai om nei dy koer te sjen.’ Antwurd: ‘Dêr hawwe jo gelyk oan, dat stiet prachtich, sa’n koer yn de winter is in sieraad op it hiem. Dat haw ik it leafst, winterdeis bûten litte, dan komme jo de oare maitiids wer om in nije koer… by my fansels.’
Hoe dan ek, op de foto sjogge jim hoe’t it kin.
mei groetnis
Cees van der Meulen
Abbema 15, 9001GH Grou, 0566-622485 / 06-19225075