It Hearrenfean/Grou, 12 july 2024
As yn febrewaris de einen wer om ús kuorren begjinne te sykjen binne we der as flechters as de kipen by ús keunstwurkjes wer út te hingjen!
Jan Falkena meldde dat er 22 febrewaris al 4 aaien yn in koer hie en op 8 april wiene der 13 pykjes. Nei de briederij pakke we dan sa yn de rin yn juny de kuorren wer op. Dit jier wie it sa dat in inkele ein yn juny noch mei in nije lêch begûn.
Op It Hearrenfean barde dat yn in Strampelkoer yn ien fan de fivers op De Heide. Op 9 july seach Anneke Miedema ta har fernuvering in einemem kwêkjend rûnswimmen mei in keppeltsje pykjes om har hinne. Se makke der in filmke fan.
Kuorren op tiid oppakke, dan geane Strampelkuorren jierrenlang mei …. mar net te betiid!