Grou/Stiens 2 april 2022
Donia State yn Stiens is dit jier troch de leden op de ledegearkomste oanwiisd as lokaasje foar it kuorreprojekt. Alle jierren wurdt der in plak útsocht dêr’t De Strampel trije kuorren foar beskikber stelt.
Donia State fiert dit jier it 25-jierrich jubileum: in moaie oanlieding der trije nije kuorren de lte setten. Yn 2017 wie dit ek de lokaasje fan it kuorreprojekt.
Sneon 2 april ha de bestjoersleden Durk Wynia en Cor Snoeij de kuorren útsetten. Fan de âlde kuorren is ien koer ferfongen en twa âlde kuorren binne oplape. Yn ien fan de âlde kuorren leinen 2 aaien. Ek binne de strampels ferfongen troch nije goeie strampels.
De oare twa nije kuorren binne yn de twadde fiver setten, sadat der no 5 kuorren útsteane.