Warkum/Aldeboarn 24 febrewaris 2025.
Op de ledegearkomste is besletten dat it kuorreprojekt yn 2025 takend wurdt oan de jeugdfûgelwacht fan Warkum.
Op freed 21 febrewaris ha foarsitter Sietse de Boer en ponghâlder Cor Snoeij de kuorren nei Warkum brocht. Strampellid Andries Blom fan Warkum hie ek fiif kuorren beskikber steld. It doel is om op dizze wize de jeugd te beheljen by de tradysje fan it útsetten fan einekuorren. “Yn Warkum wurdt in soad dien om de jeugd by de natuer te belûken”, konstatearret Cor.

De fûgelwacht hie betocht dat de kuorren yn it wetter fan natuergebiet De Warkumerwaard stean moasten (sjoch kaartsje hjirnjonken – troch derop te klikken wurdt it grutter werjûn).
De foarsitter fan de fûgelwacht en in flink tal jeugdleden wienen oanwêzich om de Cor Snoeij en Sietse de Boer te helpen by it útsetten fan de kuorren.
“De beide foarsitters hienen it waadpak oan”, seit Cor. “De strampels wienen al pleatst troch Andries Blom doe’t der noch in laachje iis lei. Hjir en dêr moasten wat strampels wat oanpast wurde.” Dat wie Sietse wol tabetroud, want dy set alle jierren in protte kuorren út.
“Ik set de stokken altiten mei in skroef oanelkoar fêst, want dat tou fyn ik mar neat”, fertelt de man mei ûnderfining. “En as de stokken wat te fier boppe de koer útstekke, seagje ik der in stik ôf, oars liket it sa mâl.”
Der wiene ek noch in pear saneamde ‘Amerikaanske kuorren’, sadat yn totaal tsien kuorren in plakje krigen ha.

De mannen hienen der skitterjend waar by. “Wy troffen it wol”, stelden beiden tefreden fêst.

