Bitgummole, 25 jannewaris 2015
Durk Wynia joech op 7 en 14 jannewaris flechtkursussen yn Frjentsjer en 19 jannewaris yn Bitgum. Tritich entûsjaste dielnimmers learden de keunst fan it flechtsjen. Under harren ek in oantal dy’t Durk weromkommers neamt, minsken dy’t de smaak sa te pakken hawwe dat se nòch in kursus folgje. ‘t Resultaat is dan dat it nivo mei sprongen omheech giet en der noch moaiere kuorren makke wurde.