Lamkesdei Fryske Gea 2013

Bakkefean, snein 21 april 2013

Lykas alle jierren organisearre It Fryske Gea by syn skiepskoai op it Mandefjild by Bakkefean in Lammetjesdag.  Bern mei harren heiten en memmen, pakes en beppes kamen om dy prachtige, nuodlike lytse lamkes te sjen en te aaien.Dit jier kamen der  wol 3000 minsken op ôf!

Jan Falkena, ponghâlder fan ús feriening, mar ek frijwilliger by it Gea en as boersesoan alhiel op syn plak as assistint fan de harder fan it Gea, demonstrearre it koerflechtsjen. Fan ‘t hjerst sil hy oan guon fan de besikers oerdrage hoe’t in koer flochten wurde moat.