Goutum, 16 maart 2013
Ûnder grutte belangstelling pleatste Durk Wynia fan Bitgummole syn lêste koer foar dit seizoen. De taskôgers wiene leden fan de jonge feriening ‘Leerschool Permacultuur’, dy’t ûnder Goutum ‘De Oerfloed’, in natuerprojekt, realisearje (sjoch foar mear ynformaasje op www.leerschoolpermacultuur.nl). Kommende winter wolle leden fan dizze bysûndere feriening it flechtsjen leare.