Letter oan ‘e lêch, mear kâns op oerlibjen

Holwert, 4 april 2022

Gjalt de Groot Holwertermieden skriuwt:

De einen binne hjir fan ’t jier letter oan de lêch – der binne hjir gjin minder einen.
Soene se witten ha fan kjeld en snie yn de earste dagen fan april?

Hjirby in oersjoch fan de troch my fandele aaien oan’t en mei 31 maart.

2015 – 75
2017 – 142
2018 –  ……. net by hâlden
2019 – 129
2020 –  93
2021 – 121  is totaal 657 oer 6 jier = 109 gem.
2022 – 52

Ik fandelje de aaien altyd oant sa’n 10/15 april (doch dat hjir no sa’n 30 jier). Lit de ein dan briede op leafst 8 aaien. De pykjes komme dan út yn de lêste helte fan maaie. It is dan warmer, der is mear fretten en beskûl yn de sleatswâlen.

De kâns ta oerlibjen is dan folle grutter.

Gjalt