Lolke syn koer swier favoryt

Holwert, 20 april 2023

Dit jier wiene der gâns mear einen as oare jierren by ús en yn de omkriten. Dat fol fertrouwen hong ik heal febrewaris achttjin einekuorren út. Tolve by de mûne, moai op strampels yn de Hulp (de mûnefeart), twa op strampels yn in feart dêr’t ik de wetterstân in meter ferhege haw troch de piip yn de daam mei in amer ôf te sluten, en dan noch fjouwer hjir op ’t hiem yn de beammen. By de beammen haw ik trouwens op sa’n oardel meter hichte blik om ’e stam hinne spikere tsjin de stienmurden. 

Hoewol’t it der earst aardich op like, waard it dochs 15 maart foar’t ik de earste trije aaien fandelje koe en de smaak priuwe. Heearrrlik!! Och, wat smakket my sa’n eine-aaike alderhearlikst! En wêr leine dy earste aaien yn? Ja wis, ….yn de koer fan Lolke. Ik haw ien koer fan Lolke van der Meer út Wergea dêr’t ik troch ruilhannel oankommen bin. 

Al rillegau kamen der no mear einen oan ’e lêch. Se hawwe de kar út achttjin kuorren, mar der wiene wol twa dy’t yn dy koer fan Lolke leine. Doe’t de earste ein de lêch út hie en briede woe, begûn it gefjocht mei de ein dy’t lizze woe. Ik haw doe alle aaien mar út de koer helle, skjinmakke en wer nij koartknipt reid deryn lein. En, ja hear, in pear dagen letter alwer in oare ein op ’e koer en in dei as wat dêrnei aaien. 

We binne no 15 april en fan dy dei ôf lit ik de einen briede en soargje dat se allegear op sân à acht aaien sitte. Ik haw mei-inoar mear as 200 eine-aaien fandele wêrfan 32 út de koer fan Lolke. No, dan kinne jo dochs mei rjocht en reden sizze: Lolke flechtet de Fryske Kampioenskuorren!