Âldskoat, 28 desimber 2022.
Op de grize en tsjustere dagen oan ‘e ein fan it jier siket mannich flechter in gaadlik plakje om de foarried einekuorren op peil te bringen foar de kommende maitiid. De ien beskikt oer in rom hok, in oar moat him of har rêde mei in plakje dêr’t men de kont hast net keare kin.
By Lutske Visser út Âldskoat is it ek wat behelpen mei de romte. Se hat it kacheltsje der by oan yn it hok. “Kommende freed (30 des. red.) stean ik op de wintermarkt yn Ketlik mei demonstraasje einekoermeitsjen. En fansels om jim folders út te dielen. En ik ha ek in pear kuorren yn de ferkeap”, skriuwt Lutske, dy’t har ôffreget hoefolle in koer kostje moat. “It is al in skoft ferlyn dat ik se ferkocht ha. En ik ha gjin idee foar welke priis ik se ferkeapje moat.”
En dus freget se it bestjoer wat de advyspriis is. Mar dy is der net; elke flechter bepaalt sels de priis foar syn koer. En dan komt de hannel om ‘e hoeke, ek ien fan de moaie fasetten fan it einekoerflechtsjen.