Minne koer, wol súkses

Aldeboarn/Grou 10 oktober 2020

In berjochtsje fan Cor Snoeij út Aldeboarn:

Dizze foto krige ik fan myn sweager. Kinst der wat mei?
Dit is in âld koer fan my, totaal ferrotte mar der hat wol in ein yn sitten en de piken binne der ek út kaam.
Koartsein : it is tiid foar nije kuorren!

Sjoch, dêr giet it om: einen yn ‘e koer.
Dizze koer sil de winter net oerlibje, dat Cor kin mar wer los dit winterskoft.

As men goed sjocht, dan wykt dizze koer ôf fan in gongbere koer: de koer is linksom flochten, wylst de measte kuorren rjochtsom flochten binne.

Foar de einen makket dat lykwols neat út, krektlikemin as it om in nije of in âlde koer giet. De âldste kuorren dogge it faak noch wol sa goed.