Grou, 20 oktober 2022
De hannel is Bouwe de Groot út Grou wol tafertroud. Ek yn einekuorren en byprodukten. Mar wat hy koartlyn meimakke, hie hy ek net betinke kinnen. Lês hjir syn ferhaal.
“In pear wike lyn waard ik frege om foar Duorsum Grou op de beurs by de pleats fan bioboer Sybrand Bouma te flechtsjen. Om’t ik ferwachtte dat der in soad minsken út de beboude kom komme soenen, besleat ik gjin einekuorren te flechtsjen mar nêstkasten. In byprodukt.
In keurich âlder stel beseach de nêstkasten en besleat der ien te keapjen, foar de jierdei fan harren soan. Dizze soan wennet yn Hollân en is direksjelid by in grut lanlik autobedriuw yn de djoerdere priisklasse. Auto’s dêr’t ik allinnich mar fan dream…
Wat die no bliken: dizze firma wol graach duorsumens útstriele. En ôfrûne wike belle de skretaresse op foar in oarder nêstkastjes foar yn de krystpakketten.
Sy tochten dat se te dwaan hienen mei in firma dy’t dizze fûgelhúskes ymportearde en ferkocht. Doe moast ik bekenne dat ik mar in flechter fan in ienmanssaak wie en yn myn skuorke de produksje die. Nei’t wy de oerienkomst sletten hienen, waard fannemoarn yn in ‘chique’ auto de oarder ophelle. En dat gewoan yn De Aak yn Grou.
Ja, je meitsje wat mei as je op beurzen steane en al wat langer oan it flechtsjen binne. Mar leuk binne dizze kontakten wol.”
Bouwe de Groot.