Grou, 29 oktober 2019
Ôfrûne wike ha wy de kuorren fan de strampels yn de Pikmar by Grou helle. Ryklik let, mar hawar.
Dit jier hienen wy as fûgelwacht Grou dêr trije kuorren en wy koenen sjen dat twa kuorren bewenne west ha. Ien nêst is predearre en út de oare koer binne jongen pykjes kommen, sa wie oan de doppen en it dûns te sjen.
De wetterlânkuorren wienen noch aardich geef, mar wol wat wiet. Dêrom ha’ k de kuorren by drûch waar thús bûten lein om te drûgjen. Jûns kamen de kuorren dan wer yn it hok. Op himsels neat bysûnders, fansels.
Mar doe’t ik de oare deis de kuorren wer nei bûten brocht, like it wol oft der yn ien koer wat yn siet. Ik sjen, en ja hear: in aai yn de koer. En ik wie der noch sa wis fan dat alles út de koer helle wie. Earste gedachte: dat moat immen der yn lein ha; ik seach fuortdaliks dat it in hinneaai wie. Ien fan de krielhinnen hie blykber in aai lein yn de koer doe’t dy op de túnbank lei te drûgjen; doe’t ik de koer in dei earder nei binnen brocht hie ‘k dus neat fernommen.
Sa kin in koer dus ek in funksje ha foar hinnen. Multifunksjoneel dus.
Eartiids hie ús heit wol ferhalen dat hy hinneaaien ûnder in brodsk eintsje lei as dy in wike sitten hie te brieden. As de aaien sawat útkamen waard der in net foar de koer spand om de hinnepiken feilich te stellen, sadat se net achter de ein oan it wetter rûnen.
Optimaal brûken fan de natuer!
Bonne Bruinsma