“Myn kampioensein”

Boarnsweach/Grou, 26 april 2025.

In moai berjocht fan ús foarsitter út Boansweach.

“Hjir dogge we it fansels foar. Op it stuit krûpe der in protte pyken út it aai, mar dit is oant no ta myn kampioensein: 18 pykjes. Ik lit in eintsje eins noait op mear as 12 aaien briede, mar ien koer hie ik net kontroleard. En jawis, dêr rolje dan 18 pykjes út. No mar sjen wat der fan oerbliuwt.”

It is net bekend oft der faker sa’n soad piken út ien koer kommen binne.

Mar net elk briedsel wie in soad súkses by Sietse.. “It begong hjir foarige wike net bêst trouwens, myn earste eintsje dat op 12 aaien siet te brieden kaam mar mei trije pykjes út de koer. Fourtendaliks de koer ynspekteare en jawis 9 gelde aaien.” Dy jerke sil syn langste tiid wol hân ha, sile we mar oannimme.

Update 11 maaie 2025.

In update fan Sietse de Boer.

“Jimme sille binne fansels benijd wat der fan it grutte team einepykjes oerbleaun is. No hjir is it antwurd: It liket poerbêst te gean, der binne fan de 18 noch 16 oer. It is wol sa dat se ferskille yn groei, sommigen sitte un protte by it fûgelfoeren oaren hast net. Ik ha hjir ek einen mei 10-12 piken. It waar ha se mei.”