Wurdum/Grou 28 febrewaris 2020
Jinke Kuperus hat in soad ferstân fan natuer. Se kin de ljipaaien allike maklik fine as de einaaien, al is dit lêste net sa’n toer as se yn de koer lizze. Út ûnderfining wit Jinke te melden dat nei it earste einaai by har it earste ljipaai dan net lang dêrnei fûn wurdt.
Jinke meldt: “He he , wol wat let mar ik hie de 26 ste pas ús 1ste einaai. Dan yn ‘e regel noch 5 -6 dagen en dan is der kâns op in ljipaai. Sels tink ik fan de 4de maart.
groet B en J”.
Oft it mei de ein goed ôf rint, is mar de fraach. Want Jinke skriuwt der ek by dat de ein fan de lech is.
“Ik ha in nije laptop en kin der gjin foto op krije, want ik ha ek 3 kuorren yn it skiphús en bij it hege wetter wie it ôsluten foar de eintsjes, want se moasten ûnder de plastyk slapen troch. En dy hongen 5 cm yn it wetter. Dus wied er fan de lech rekke, pas hjoed kin er der wer bij. It sil mij benije!”