Neonicotinoïden skealik foar einen

Grou, 10 oktober 2024.

Binne neonicotinoïden, in groep pesticiden dy’t by de lânbou brûkt wurdt, mei de oarsaak fan it weromrinnen fan de einepopulaasje?

It soe samar kinne. Nij ûndersyk fan studinten fan de Wageningen Universiteit (WUR) toant nammentlik oan hoe fier de ynfloed fan pesticiden rikt. Fûgels lykas de mosk, patriis en de wylde ein ha troch neonicotinoïden net allinnich in legere kâns op oerlibjen, mar krije ek te meitsjen mei in mindere sûnens en negative effekten op harren gedrach en fuortplanting.

Neonicotinoïden binne ynsektisiden dy’t in soad brûkt wurde yn de lân- en túnbou. Se binne al mear as tsien jier omstriden fanwegen skealike effekten op ferskate organismen. Neonicotinoïden waarde lang as net giftich beskôge foar fûgels, mar no wurdt troch ûndersyk oantoand dat der wol direkte skealiken effekten binne as der yn it iten fan de fûgels neonicotinoïden sitte.

Hoewol’t neonicotinoïden eins ferbean binne yn de iepen lân- en túnbou, wurde se op in soad plakken yn ferskate lannen noch tapast. Yn de EU binne der boppedat útsûnderings mooglik, wêrby’t de ikkerbou fia ‘needfergunnings’ dochs tastimming krijt foar it brûken hjirfan.

Mear oer it ûndersyk is hjir te lêzen.