Nij einehok yn Dronryp

Dronryp/Grou, 2 maart 2025.

Simen de Boer út Dronryp meldt dat it doarp no in nije einehok ryk is..

“Yn Dronryp wie it âlde einehok oan de Hearewei oan ferfanging ta. De Fûgelwacht Dronryp hat freed 28 febrewaris in nij einehok yn ‘e grêft oan de Hearewei yn Dronryp delsetten.” skriuwt Simen, dy’t tegearre mei Germ de Boer (gjin famylje) it einehok makke hat. “It âlde einehok wie fan doarpsbelang, mar wie hielendal fertutearze en se wisten ek net dat it fan harren wie. De Fûgelwacht hat it oernommen, mar it wie net mear op te laapjen. No stiet der wer in moai nij hok mei strie deryn”, neffens in grutske Simen.

Oan de foto’s is te sjen dat it wurd ‘hok’ eins gjin rjocht docht oan it eineferbliuw, want it kin mei rjocht in ‘filla’ neamd wurde.

De einen ha it mar troffen yn Dronryp!

(Klik op de foto’s foar in gruttere ôfbylding.)