Boarnsweach 23 maart 2025.

“Wêr’t in húshâldtrepke al net goed foar wêze kin”, skriuwt Sietse de Boer. “Ik sjoch somtiden kuorren hingjen op de meast frjemde strampels en plakken.” Dizze frjemde strampel seach hy oan de Haskerfjildwei op ‘e Jouwer.
It brocht Sietse op it idee om mear frjemde strampels op de foto te setten en sjen te litten op de webside. Dit liket ús in goed idee. Dus wa’t in strampel tsjinkomt dy’t ôfwykt fan de deistige strampel wurdt frege dit op de foto te setten en op te stjoeren nei bestjoer@de-strampel.frl.