Grou/Flânsum, 13 juny 2019
Noch in pear berjochtsjes fan Cees van der Meulen:
Miskien sitte de âldste kuorren wol it noflikst. Beide kuorren op de foto’s wurde no foar de twadde kear bebret en foar it safolste seizoen brûkt. It hâldt in kear op fansels.
Mem mei fiif grutte piken.
By my yn Grou binne der fan de tolve pykjes mar twa oerbleaun. Yn Flânsum seach ik in eintsje mei fiif moaie piken swimmen. Dêr flechtsje we foar (Cees v.d. Meulen).