Bitgummole, 3 april 2022
Nei it wûndere foarfal fan de stikkene koer mei de aaien yn ’t wetter (sjoch It wûnder fan Bitrgummole), kaam Durk Wynia noch mei in opmerklik berjocht oer deselde koer. Dit is lykwols net fan dit jier, mar fan 2021. Hoe’t dat krekt sit: hjir it ferslach fan Durk.
Foarich jier ha we ek al in rêdingsaksje dwaan moatten mei dizze koer. Dy stie nei in enoarme bui hast hielemaal ûnder wetter.
ik wie net thús, dus de frou yn it waadpak de aaien derút helje en yn de briedmasine!
En doe’t ik middeis thús wie ha ik de strampel ophege en de aaien der wer yn lein.
Der siet hast in hele dei tusken foardat de aaien wer yn de koer leine. De ein hat se allegear útbret!
Sa sjogge jo mar wer: net allinnich by greidefûgels, ek by einen docht neisoarch fertuten.
De fraach dy’t oerbliuwt: is dit no deselde ein?