Noflike algemene ledegearkomste

Poppenwier/Grou, 26 jannewaris 2024

Net langer as in oere duorre de algemiene ledegearkomste fan De Strampel op 26 jannewaris. Foarsitter Durk Wynia koe 24 leden wolkom hite. Hy stie efkes stil by de aktiviteiten fan it ôfrûne jier. De webside stie wer fol mei nijsgjirrige ferhalen en jout in moai byld fan de aktiviteiten fan de feriening. Spitich wie it net trochgean fan Kuorkedei om’t te min flechters harren oanmelden hiene.
Ponghâlder Cor Snoeij hie de finânsjes wer netsjes op oarder, fûn de kaskommisje; It saldo wie justjes tanommen. Mei in applaus fan de It bestjoer krige it fertrouwen fan de leden.

Skriuwer Bonne Bruinsma wie ôfgeand. De foarsitter spruts syn wurdearring út foar it goede wurk dat Bonne levere hie. As tank krige hy in byldsje fan in einekoer op strampel en in bosk blommen.

Bonne sei dat hy it moai fûn hie fiif jier diel út te meitsjen fan it bestjoer fan sa’n prachtige feriening.
In opfolger is der noch net en dêrom sil it sittende bestjoer mei de âld-bestjoersleden op syk nei in nije skriuwer en nije bestjoersleden foar takom jier.

Der ûntstie in diskusje oer hoe no fierder mei in jierliks evenemint no’t Kuorkedei net trochgien is. Blouwe de Groot hie in idee yntsjinne foar in gesellige flechtdei by Ale de Jager. Besluten binne der net oer nommen; oan de hân fan de ynbrochte ideeën sil it bestjoer besykje mei in plan te kommen. Leden kinne dêr noch ideeën foar oandrage.

Lykas wenst wie der nei de gearkomste noch in noflike neisit.