Boarnsweach, 13 april 2025.
Sietse de Boer hat in skerpe blik. No seach hy oan de Pontdyk by Langwar in bysûndere einekoer. Of eins de konstruksje om de einekoer hinne.
“Hjir is wer in moaie foto fan in einekoer ûnder in ôfdakje”, skriuwt hy. “De eintsjes sitte hjir echt ûnder dak en drûch. Of soe it wêze dat se yn Langwar goed op in koer passe wolle”, freget Sietse him ôf; om dêr oan ta te heakjen: “Ik wit it net, mar it moat dochs net folle gekker wurde.”
It is lykwols wol in duorsume oplossing.
