Grou, 9 april 2025.

In iisstadion is no net fuortdaliks in lokaasje dêr’t men in einekoerflechter ferwachtet. Wol as taskôger, mar net yn funksje as flechter.
Mar op snein 30 maart stie Bouwe de Groot út Grou mei syn hannel op it middenterrein fan iisstadion Thialf yn ’t Hearrenfean . Wylst de belsliden mei de Fryske hynders harren rûntsjes draaiden, stie Bouwe mei syn einekuorren en fûgelhokjes op de “middenpromenade” fan de iistimpel.
“Dêr wêr’t Kjeld Nuis syn foet yn twaën skopte, mocht ik de einekuorren en nêstkasten promoate. In unike gewaarwurding en in prachtich plak om dêr stean te meien”, is it oardiel fan in grutske Bouwe. “De Strampel bringt ús op de moaiste lokaasjes.”
Mei graachte dielt Bouwe wat plaatsjes en in filmke.
