Grou, 23 april 2025.
Yn Grou hat de Fûgelwacht yn febrewaris wer in stikmannich einekuorren útsetten yn it doarp. Op echte strampels, want dat stiet wat moaier is men fan miening. En eins is dat ek wol sa.
Mar as der dan in ein yn begjint te brieden, dan wurdt de koer swierder en swierder… En as dy dan net goed befêstige is op de strampel en it begjint hurd te waaien, dan kin it barre dat der wat misgiet. En dat barde dus ek: twa kuorren wienen heal fan de strampel gliden. Ien koer nei 12 aaien en ien mei 11 aaien.
Minsken dy’t de kuorren bryk hingjen seagen, warskôgen de fûgelwacht en dy skeakele de reddingsbrigade fan De Strampel yn. Dat it waadpak waard oanlutsen, tou en skjirre mei yn in kûp en foarsichtich de koer wer teplak lizze. De eintsjes seagen it efkes oan en fûnen it doe dochs better om de koer te ferlitten. Hooplik is it briedproses net te bot fersteurd en komt it ta in goed ein.