Bitgummole/Grou 23 maaie 2024
“Der waard fan alles yn de koer sleept, der stutsen tûkjes út en lange snielen! Dat ik waard nijsgjirich wat of wa’t hjir dwaande wie …”, skriuwt Durk Wynia. Ta syn ferrassing leinen der sân aaien fan in reidhintsje yn de koer. Foar Durk reden om “noch mar efkes te wachtsjen om de kuorren op te pakken!”
We ha al earder meldings hân fan reidhintsjes op de koer, mar doe gie it om nêsten yn de yn hals en kraach fan de koer, mar no dus djip yn de koer.
Krektlyn wie der noch in gefal fan in briedende strânljip by in koer fan Lolke van der Meer. It wachtsjen is no op meldings fan ljippen en skriezen yn of op de koer…