Reidskarre

Grou 6 july 2025.

Rûnom yn de provinsje wurdt op ’t stuit reid skard. Yndividueel of yn groepkes wurdt de winterfoarried safolle mooglik op peil brocht. Dat is ek wol nedich, want as ankom winterskoft de fraach nei einekuorren krektlike grut is as ferline jier sil der wer in grutte foarried oanlein wurde moatte.

Net elkenien hat de mooglikheid om (in soad) reid op te slaan. En dêrom is it bestjoer dwaande om in foarried te meitsjen foar dyjingen dy’t wol flechtsje wolle, mar gjin opslachmooglikheid ha. De opset is om in stik of wat plakken yn de provinsje te hawwen mei reidopslach. Leden fan De Strampel dy’t sels gjin reid ha, kinne dan tsjin in lytse fergoeding reid keapje op dy plakken. It maksimum leit foarearst op fiif bosk reid per kear.

Op de fotokarrûsel in ympresje fan it reidskarren by Holwert en by Boarnsweach. As it reid krekt leit te drûgjen rydt Gjalt de Groot mei syn auto oer it reid om it te kniezen en sa it drûchproses te ferkoartsjen.