Holwert, 14 oktober 2017
It flaaks dat augustus rispe wie, krige de kopkes derôf. In moai ploechje Strampelleden en oaren kaam sneon nei de rûpeldei yn Holwert. Der waard omraak mei de bosken op de rûpelkammen omhoud. Prachtige bosken flaaks lizze no te wachtsjen op de flechters fan klaai- en Trynwâldster kuorren. Sij kinne dizze winter wer folop mei dit flaaks kuorren flechtsje foar foarjier 2018. LJOUWERT KULTURELE HAADSTÊD 2018 MEI KUORREN FAN DE STRAMPEL YN HIEL FRYSLÂN !!!
Nei it rûpeljen mei inoar oan it seebanket dat Gjalt en Els foar de rûpelders klear stean hiene! BEAREGESELLICH!