Holwert, 14 desimber 2024.
Sa as gebrûklik sieten we op de neidei meielkoar yn de neisit fan de kursus einekoerflechtsjen yn ’t ,,Swetshok”. It waard tige smout opsein, ja it wie eins suver swetsen, it siet tsjin it liegen oan.
Benammen doe’t der immen fertelde oer in kunde fan him dy’t sokke bêste kuorren flocht, sa mansk, sa oergryslik stiif ynelkoar draaid, se wiene eins net te tillen.
Hy wenne op sloppe feangrûn en yn de feart sakken de strampels troch dy leadswiere kuorren sa nei, dat se mei de konten yn ’t wetter hongen. Hy heide no de strampels oant op ’t sân. Stjerrende wier, heite!
Gjalt Sjirksz de Groot