Grou, 24 maart 2016.
Yn de LJOUWERTER KRANTE fan 24 maart stiet it pakkende artikel ‘Een eend heeft meer aan korf dan aan jachtverbod’ wêryn’t Strampellid Falkena stelling nimt tsjin it jachtferbod-op-einen dat Natuurmonumenten ynstelle wol (sjoch hjirûnder foar dat berjocht).
Jan Falkena makket yn it artikel yn de LC dúdlik dat de Strampel in positive bydrage leverje wol troch it pleatsen fan safolle mooglik einekuorren. De koer is in prima plakje foar de einen om feilich harren aaien út te brieden. ‘Sitting ducks’ binne in maklike proai foar rôvers en dy binne der tefolle.
De predaasje troch foks en oare rôvers is de feroarsaker fan de delgong fan it tal einen.