Grou, 14 maart 2021
De betsjutting fan it wurd ‘strampel’ no en yn eardere tiden. Frysk is in libbene taal.
De namme fan ús feriening is in Frysk wurd dat stadichoan oan it ferdwinen wie, mar is sûnt 2012 foar de leden fan de Fryske feriening fan Einekoerflechters wer hiel libben. No is foar hiel wat minsken yn Fryslân it wurd Strampel wer op ‘e nij hiel gewoan.
Wy kenne it wurd as oantsjutting fan de trijepoat dy’t we yn it wetter sette as feilich plakje foar de koer.
Fan ‘e wike siet ik te lêzen yn in boek fan de skriuwer Nyckle J. Haisma (1907-1943) mei as titel ‘Peke Donia’, dêr’t er posthúm yn 1948 de Gysbert Japixpriis foar krigen hat. Yn syn ferhaal hat Haisma it ek oer strampels. Sitaat:
‘Yn ‘e strampels fan de beammen hingje heal fergiene einekuorren’.
Yn it Friesch Woordenboek (lexicon frisicum), fan Waling Dykstra fan 1891 stiet as ferklearring by it wurd ‘strampel’:
‘tak van een boom, die nevens een anderen, te zamen gaffelvormig zijn opgeschoten’.
Frysk is in âlde, mar ek springlibbene taal. Fan ‘gaffel’ yn in beam fierder troch ús wer ta libben roppen as trijepoat. Eartiids in plakje foar einekuorren en as se ôfseage waarden ek foar earebarrenêsten, sa lit Waling ús witte.
Cees van der Meulen.