Himpensermar, 24 april 2024.
De wûnders binne de wrâld noch net út!
Ús strampellid Lolke van der Meer fan Wergea kenne we allegearre as de flechter fan de kampioenskoer fan 2022.
Hy is ek mûnder op de mole yn de Himpensermar. Dêr steane syn kuorren yn in moaie, romme wrâld.
Dat syn kuorren bysûnder binne, witte net allinnich de Friezen-rûnom, mar, o wûnder, ek de strânljippen!
In tal dagen lyn seach Lolke ta syn ferbjustering in strânljip op ien fan syn kuorren sitten.
Doe’t er op ûndersyk útgie, fûn er yn in rûch nestke óp de koer in broed strânljipaaien.