Subsydzje foar einekoaien

Ljouwert , 27 april 2014

(Boarne: Omrop Fryslân)

In projekt foar it opknappen fan 24 einekoaien yn it Waadgebiet krijt mear as twa miljoen euro subsydzje fan it Waadfûns. It giet om koaien dy’t sawol fan partikulieren as fan natuerorganisaasjes binne.

In diel krijt in nije funksje, fan oare koaien wurdt allinne de ynrjochting ferbettere. Ek wurde de koaien geskikt makke foar edukative projekten. De inisjatyfnimmers moatte sels noch sa’n fiif ton bydrage.