Ta oantinken oan Hindrik Kooistra

Mûnein 28 april

Oantinken Hindrik Kooistra,

As bern wiene ik en myn twillingbroer in soad te boartsjen by Hindrik en Annie Kooistra, se wennen by ús yn ‘e Mûnein.

Ik wie in jier as 7 en seach yn de hal ûnder de trep in einekoer stean mei in ein derop, ik wist noch net wat it wie mar fûn it prachtich, dat ik frege oan Hindrik wat is dat? “Dat is in einekoer jonge”, sei Hindrik.

(It is krekt of wurde de dingen yn it fierdere libben je al ynlein) Ûnder it boartsjen seach ik dat Hindrik yn syn libben him dwaande hold mei allerhande saken en dingen; tún, hinnen, bargen, skiep, einen, jonge pinken fan ús heit. Mar dêrnjonken hearde ek fiskjen, ielrikjen, reidsneien, slachtsjen en hanneljen ta syn libben, hy wie in echte fjildman (wat fan heit op soan trochjûn wûrdt).

Hy wurke earst as kantonnier by de provinsje en letter by it kadaster. “Een fantastische tijd”, sei er wolris.

Syn wize fan libjen, syn fleurichheid, humor, ferstân fan saken, ûndogenskheid, belangstelling en foaral de wize fan fertellen, soargen derfoar dat er in brede minskekunde hie.

Hy wie in echte libbensgenieter!!

Doe ‘t er mei de FUT gie, krige er mear tiid foar hannen en boude in nij hûs by de mûrk yn Âldtserk, sadat er dêr fiskje en einekoerflechtsje koe.

Yn syn jongere jierren hie er wolris in koer makke, mar hy woe it no wolris echt leare en folge in kursus by Tom Postma, dy ‘t hjiryn les joech.

Master Kinderman fan Wyns (ek in echte fjildman) makke syn nulle, dêr ‘t er tige grutsk op wie. “Dy hâld ik altyd by my oan it tou, want ik wol him foar gjin goud misse”, sei er altyd.

Hindrik Kooistra

It flechtsjen wie in moaie winterput, oeren en oeren siet er op ‘e souder mei it útsjoch op ‘e mûrk te flechtsjen, dreaun, entûsjast, it wie syn passy!

Troch de hannel yn einekuorren hie er kontakt mei in soad minsken en koe er wer in soad moaie ferhalen fertelle, want dat fûn er prachtich.

Iksels woe fan jongs ôf it ek leare, kocht in koer fan Tom en bestudearre dy, helle in âlde útinoar om te sjen hoe ‘t dy makke waard.

It kontakt mei Hindrik wie wat ferwettere oant ik him tsjinkaam yn Dokkum ûnder it winkeljen. Ik sei tsjin him: “Ik bin ek oan ‘t flechtsjen”. Ik moast mar ris delkomme mei in koer wie it antwurd.

Doe ‘t ik delkaam, sei er: “Ik hoech dy neat mear te learen”. Mar ik learde noch wol in pear dingen.

Yn de wintermoannen besocht ik him sa no en dan en hiene it der efkes oer. Der wie nammentlik in nije feriening oprjochte, neamd: ‘De Strampel’, dêr ‘t de lêste flechters fan Fryslân har by oansleaten, sa ek wy.

Ien kear yn it jier wurdt dêr in beurs hâlden wêrby ‘t it publyk sjen kin hokker typen kuorren makke wurde en hoe ‘t se makke wurde.

Omdat it riden minder waard, helle ik him op, hy hie der altyd in hiel soad sin oan. Underweis hie er pine yn ‘t liif, it wiene de senuwen, hy siet der altyd wat oer yn! As wy der ien kear binne is dat wol oer sei ik dan.
En dat wie ek sa, want dan wie it iis brutsen. Ferhalen fertelle oan it publyk fûn er prachtich.

It kaam wolris foar dat it 12 oere wie en allinne it kontsje fan ‘e koer noch mar opset wie, sa drok hie er it mei fertellen. Dan sei ik: “Do moatst wol oanflechtsje Hindrik, oars komt dy koer net klear!” Dan lake er.

As der in slokje jonge jenever bykaam (want dat hearde by syn hiele libben) waarden de ferhalen allinne mar moaier.

Underweis nei hûs fertelde er my dat er in geweldige moaie dei hân hie mei unike oare flechters mei deselde passy, dêr ‘t er him thús by fielde. Alle jierren seach er hjir nei út!

De lêste jierren gie Hindrik stadich efterút en moast ik allinne nei de beurs, dat fûn er dreech te akseptearjen, hy woe der graach by wêze, mar moast ynleverje en dat docht sear.

Sneon jûns 26 april 10 oere krige ik telefoan fan Hedzer, Hindrik syn soan, hy fertelde dat it net mear goed kaam mei him. Mar hy hie noch in winsk: der moast nammentlik in koer komme foar op ‘e kiste en ik moast him meitsje.

“Hy moat oanflechtsje”, sei er noch tsjin Hedzer.

Dat ik sneon betiid oan ‘e gong, gjin flaaks mear, dan mar in krusing tusken in Wetterlânkoer en in Trynwâldsterkoer, lykas Hindrik dy makke. Dy iene koer dy ‘t ik op 7e jierrige leeftiid seach ûnder de trep hat derfoar soarge dat ik syn winsk yn ferfolling bringe koe. Ik bin der wis fan dat er him moai fûn hawwe soe.

Hindrik syn koarte ûnthâld gyng efterút, mar al it âlde en moaie siet djip fersegele yn syn ûnthâld.

Ús oantinkens oan him sille fêst ek fersegele wêze.

Hiel tankber foar syn libben is er 27 april op 86-jierrige leeftiid yn alle frede hinnegien.

Riepke Glas

De koer dy’t Riepke noch foar Hindrik flochten hat foar op de kiste.