Boarnsweach/Grou, 2 juny 2025

“Dit wurdt in topjier foar einen hjirre”, meldt Sietse de Boer nei’t hy by syn kuorren del west hat.
“Hjoed de earste kuorren wer fan de strampels helle. Ik ha noch nea sa betiid west en ik ha noch nea safolle einepiken út de kuorren krigen. Fan de earste 27 kuorren dy’t ik hjoed by lâns west ha binne al 30 teamen einepiken kaam. Yn 7 sit no noch in ein te brieden. As dy ek útkomme dan ha ‘k 37 teamen einepiken út 27 kuorren. En ik moat nog by 45 kourren del, dit wurdt in topjier foar de einen hjirre.”