Wachtsje op drûch waar

Holwert/Grou, 17 july 2024

Ferline jier is it tige slagge, dat it moast no mar wer: reidskarre foar pake Gjalt. In moai fjild reid dat net te dreech is om te skarren. De bern kinne der in moaie bûssint mei fertsjinje foar de fakânsje.

It reid wie der klear foar, de pakesizzers wienen der klear foar… mar ja… it waar.

Gjalt de Groot stjoert in foto mei it byskrift: “Gjalt syn reidskarders moasten efkes wachtsje op drûch waar. Flochten doe mar in einekoer mei pake en beppe. It fakânsje jild moat der al komme!”

De fleurige flechters yn ‘t spier