Sa no en dan komme der fragen oer it wurd ‘strampel’.
It ‘Frysk Hânwurdboek’ , diel 20 (2008) jout fjouwer omskriuwingen foar ‘strampel’:
- Takke, dy’t spjalte is yn twa of mear fertakkingen;
- Stôk, dy’t oan ien ein yn twa earms of tosken út inoar rint ( ‘gaffel’ );
- <meartal> stive skonken
- âlde, stive man
Waling Dykstra neamt yn syn ‘Friesch Woordenboek’, Lexicon Frisicum (1911) deselde betsjuttingen en heakket der in pear foarbylden oan ta: beamstrampel en einekoerstrampel.
Ta beslút it ‘Wurdboek fan de Fryske taal’, diel 21, (2005) hat ek deselde betsjuttingen, mar foeget der noch in pear nijsgjirrigen oan ta:
- katapult
- oude, kromgegroeide boom
- achterwerk, aarsspleet. Jan Jelles Hof: Te Gaastmeer wordt bij een mens de aarsspleet (kerne) de strampel genoemd; voorbeeld: -Hy krige hjar by de strampel- J.H. Halbertsma.
As foarbylden neamt dit wurdbo