Grou, 2 jannewaris 2020
It is 2 jannewaris fan it nije jier as ik mei it sintsje derby in kuierke meitsje troch Grou. It docht maitiidseftich oan. Oan it iis yn de reidstoppels yn it Nij Djip is te sjen dat it dochs noch in bytsje ferzen hat. Der wurdt nei alle reinwetter fan de lêste moannen flink meald. It iis hinget yn de reiden.
Yn ‘e einewrâld liket it wol op it paradys. Der hearsket rûnom, sa tink ik, frede en rêst, it is it wachtsjen op de rop fan de maitiid. De eintsjes en de jerkjes sjogge der glânzjend út. De pearkes binne al wer foarme, de frijerijen binne al geande. Se sjogge net op de kalinder mar folgje de ieuwige wetten fan de natuer. In byld om oer nei te tinken.
Oer in wike as acht, njoggen folgje wy de rjochtlinen fan De Strampel wer op. We hingje mar wat graach kuorren op en de einen witte – se kinne ûnthâlde en tinke – dat sa’n wûnderding foar har in feilich plakje is om te lizzen en te brieden.
Miskien dat ik der noch in pear kuorren by flechtsje, want as ienkear it maitiidsgefoel net allinnich by de einen mar ek by de minsken wekker wurdt, dan binne der alle jierren wer guon dy’t freegje: ‘Hast ek noch in koer foar my?’ De natuer hat in grut plak yn myn hert, mar sûnt 2012 de einen in hiel bysûnder plakje!
Cees van der Meulen, Grou.